Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Keunst en crash

Lyrysk Deiboek

De holle hie ’k foaroer,
oars wie ik fierder rûn
en hie ’k der net by stilstien
dat wat fallen wie,
eins dûbel, sûnder stjoer
wie soks op slach ferrûn…
ik bin der net by fuortgien.

De fear foel samar op
dêr tusken swart en grien
as wie it in stillibben,
ynspirearre troch
in fûgel mei de rop:
‘Jim krije him te lien!’
De keunst wie ek syn stribjen.

Ik bûgde fier foaroer
en stoarre nei ’t palet,
teminsten sa’t it like,
mar de werklikheid
kaam skrinend op my oer:
de flinter wie te let
om foar him út te wiken.

admin

Bokseropstân

Skiednisbylden

fan ûnbekend*
fan ûnbekend**

As ’t westen giet foar supremaasje,
sjocht yn hannel inkeld jild,
dan komt it fiere easten yn ferset
en stelt foar ’t machtswurd oer syn wet,
de baas yn eigen naasje.

Gerjochtichheid hat bleate fûsten,
omdat dan de boksstriid jildt:
Sineeske Bokseropstân tsji n de rest,
religy tsjinne as in test:
ûnkwestber troch de knûsten.

De frjemdling kriich de hurdste klappen,
sa’n fiifhûndert kamen om,
in omslach nei de eigen naasje earst,
de kristen wie it lilke bist,
hy koe net mear ûntsnappe.

Acht lannen yn in alliânsje
kamen op Sineesk gebiet
foar ’t brekken fan de fûsten, want geweld
is ’t iennige wat dan noch telt,
foar hannel de garânsje.

* Foto ‘Bokser’
** Foto ‘Troepen fan de Achtlanne-alliânsje yn Peking’

 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum