Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for maart, 2017

admin

Godgelearde prakkesaasjes

Bibelbylden

fan Pieter Brueghel de Jonge*

Wy binne nei it easten setten
as kollega’s, godgeleard:
de iene soan fan Sacharias
jout de doop yn de Jordaan
en hat al mannichien bekeard,
derhinne dus, sa waard besletten.

Wiswier, ik skuorde grutte eagen,
wat in folk stie by dy fint
te harkjen as hie hy de wierheid,
’k liet him earst mar yn de waan,
hy is net mei de wet bekend,
dus kaam it op my oer as leagen.

Hy hie it ek oer grouwe stiennen
en ferlike dy mei bern
fan Abraham, it moat net gekker…
tinkt er sa syn slach te slaan?
Hy hat foar ús de slach ferlern,
mar al dat folk… wêr moat it hinne?

Wiswier, wol ’t sljochte folk wat witte,
lit it komme, godgeleard
fertelle wy oer wiere wetten!
Dope… kin ien dat dan dwaan
mei fjoer? ’t Giet op ’e kop ferkeard,
wy sille ’t folk soks witte litte.

* Pieter Brueghel de Jonge (1564/1565-1638)
Skilderij ‘De preek fan Jehannes de Doper yn de wyldernis’

admin

Ien neitins

Skûtsjesilen

Ut it skûtsje-argyf 2005

Sjedêr de skûtsjes racen
yn de Wetterpoartestriid
om efkes noch te tinken
oan Dicky*, ’t wie syn tiid,
de float bleau achter lykas wezen.

Mar liet de konsintraasje
romte foar ek mar ien tins?
De skippers moasten tinke
oer slaggen, ’t wie de winsk
om skerp te silen en mei faasje.

Langwar koe skeaner knipe
as de oaren, mar it skip
tocht langer net oan faasje,
it barde yn in wip,
de tins kaam letter… mar begripe?

* Ta de neitins fan Dicky van der Werf

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum