mei 26, 2023
fan ûnbekend*
It is gjin keppel op ’e flecht
yn Afrika foar liuwen,
bisten dy’t foar lykwicht soargje,
ekologysk dwaande, sa’t men seit…
de fraach is wat is ’t echt.
De ikebeammen steane fêst
yn Badajoz yn Spanje,
ek sy soargje foar it lykwicht
mei de ikels foar de wylde baarch,
sa dogge dy har bêst.
In keppel beammen bliuwt yn stân
foar bisten om te fretten
ekologysk fan de fruchten:
bio freget om diversiteit,
natoer yn hecht ferbân.
* Foto ‘Ikebeammen yn Badajoz’
november 22, 2024
november 16, 2024