Ut it skûtsje-argyf 1974
It waard yn Koeweit kile kile
doe’t de sjeik gjin oalje joech,
de krisis hat de wrâld oer spile,
dat yn tsjerke en de kroech
waard frege: ‘Kinne se noch sile?’
It lei op elk syn silerslippen:
‘As der moarn gjin oalje is,
hoe komt it mei de grutte skippen,
want dy rinne net op pis,
gjin skûtsje kin himsels bedrippe.’
Doe reizgen Fryske deputearren
nei De Haach, dat Lubbers him
yn Koeweit oppenearre,
omdat syn ministersstim
gjin sjeik of oaljekraan frustrearre.
Mar as de sjeik it spul al spile
fan gjin folchskip kriget syn gerak,
hoe soene skûtsjes dan net sile
lykas earst fan plak nei plak,
al waard it dan ek kile kile.
|