Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lemster spotnocht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

De Lemmer hat twa dagen
skûtsjesilen, syn tradysjerjocht,
foar wiere Lemsters spot en nocht,
want spotters ha gjin fragen.

De earste dei plak fjouwer,
’t koe wol minder, mar it gie om ien:
‘Se ha it wolris better dien
op sleeptou by De Jouwer.’

Image

De twadde dei gie ’t better,
want hy sylde nei de start nei ien:
”t Koe minder, mar ’t is aansen dien,
ik fiel it oan myn wetter.’

It Fean kaam rap nei foaren,
dat De Lemmer sakke nei plak twa:
‘Sjochst wol, hy wol de winst net ha
en sil wer fjouwer score.’

Der drigen fjirtjin punten
foar De Lemmer troch in djoer protest:
‘Wat bliksem, slagge foar de test,
hy woe noch efkes stunte.’

Mar Jelle* koe ’t beprate,
dat De Lemmer bleau deryn, plak twa:
‘It giet sa op kwartetten ta
mei fjirtjin skûtsjekaarten.’

* Jelle Reyenga

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum