Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Lânprofeten

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1993

Image

It wie in kostlike finale
mei de wikseling fan skaad en ljocht,
fan wetterspegel en it twirreswart,
sa’n entûraazje hat in spanning brocht
dy’t hjoed noch klinkt yn de ferhalen.

‘It kampioenskip is foar Tjitte*,’
seine de profeten op it lân,
‘want sjoch mar nei de foarsprong dy’t er hat,
mei fjouwer punten yn de skippershân
kin hy wol op it helmhout sitte.’

Mar Jelle** woe dêr neat fan witte,
sylde fleurich foar de oaren út,
wylst Tjitte treurich dreau op plakje acht;
wie dit de situaasje ta beslút,
dan koe De Lemmer Topper hjitte.

‘It kampioenskip is foar Tjitte,’
seine de profeten op it lân,
‘want ha ‘k dat al net foar de wedstriid sein,
as tredde oer de streek yn hâldershân,
soks kin men foar de tiid wol witte.’

Image

* Tjitte Brouwer fan It Hearrenfean
** Jelle Reyenga fan De Lemmer

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum