Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flak of bol mjitte

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Dêr leit it dan, mar op it droege,
want it Jouster skûtsje giet foar rjocht,
’t wol rehabilitaasje,
fan royearje hat it skjin syn nocht:
wa soe in flakke boaiem bûge?

Yngenieurs, lit dy mar mjitte,
want sy ha op ’t lêst der lang foar leard
en net foar de sensaasje,
wittenskiplik, oars giet it ferkeard
en komt De Jouwer neat te witten.

Mei allerhande ynstruminten
komt de boaiem fan it skip yn ’t ljocht
en ek yn de kompjûter,
op dy wize wurdt nei wierheid socht
en wrachtich wier net om de sinten.

De sifers kinne net fertelle
hoe’t de boaiem is: wol flak of bol…
hoera foar de kompjûter!
Mjitters eagen hâlde ’t langer fol:
gewoan de milimeters telle.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum