Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Brouwer-transfer

Skûtsjesilen

 

PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Wa hat noch nocht oan skûtsjesilen
as de frou it net mear sjocht,
it lêste rak besyld hat?
De skipper* hat de lijte socht,
syn djipgong is te fielen.

Image

It Hearrenfean gie nei ’t ferline
doe’t in Brouwer stie oan ’t roer,
dy’t mannich priis besyld hat,
dat Tjitte nimt it helmhout oer,
mar lit er him wol bine?

As tuskenskipper wol er stjoere,
mar net langer as in jier
om’t hy it net oan tiid hat
om altyd silend yn it spier,
foar him telt elke oere.

Image
Ut Skûtsjejournaal 2004

Op Earnewâld sylt ek in Brouwer,
dat broer Piter wol wol oer…
omdat er skjin syn nocht hat?
Wolnee, in wikseling fan roer
giet hjoed de dei wat gauwer.

* Allard Syperda

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum