Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Hiele útsluting

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

It wie wat dizich yn de seal
fanwege spanning oer it útstel
dat oer Ulbe Zwaga gie,
want waard it hiel of heal,
útsluting frege breed berie.

In mêst dy’t tsjin de mjitstêf wie
en tsjin ’t bestjoer in grutte mûle,
dat de skipper moast foar ’t rjocht,
guon leden wisten rie:
oan hiel of heal as straf waard tocht.

In hiele straf, sa fûn ’t bestjoer:
fiif jier net op it dek as skipper,
dat de helte wie te licht,
sa net, dan is it oer
foar it bestjoer, dus út it sicht.

It waard wat rûzich yn de seal,
de spanning kroep oer de gesichten:
waard it Ulbe of ’t bestjoer?
Gjin tafel rekke keal,
’t beslút wie foar de skipper soer.

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum