Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Frou Pietermaat en Pieter

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Raden Saleh*
fan Johan Heinrich Neuman**

Image

Wêr fynt men better plak om lang te rêsten
as yn it park fan Bûtensoarch,
want dêrfoar stiet it blêdliet boarch:
De deade is altyd in bêste.

Image

Jeannette Antoinette hat dêr plak fûn,
as Pietermaat ek wol bekend,
mei Pieter troud, ferneamde fint,
hy hat syn eare rom gerak jûn.

Wêr fynt men rommer geast mei sa’n karriêre
as advokaat, minister, ek
yn Ynje gûverneur, te gek…
dus net oan tiid om al te stjerren.

Wol trije kear minister fan koloanjes,
hy droech him foar as gûverneur,
wa’t tsjin wie, die him foar as seur,
it sljochte folk mei rûge troanjes.

Wêr fynt men dan noch nijs ûnder de sinne
yn Ynje of it heitelân,
mei funksjes is men út ‘e brân,
it plebs kin troch de jiske rinne.

Image

Elk fynt op ’t lêst in plak om lang te rêsten,
ek Pieter rekke bûten soarch,
want dêrfoar stie de dea wol boarch…
wie Pieter Mijer wol sa’n bêste?

* Raden Saleh (1811-1880)
Skilderij ‘Tsjerkhôf yn it park fan ‘Buitenzorg’

** Johan Heinrich Neuman (1819-1898)
Skilderij ‘Jeannette Antoinette Pieterman’
Skilderij ‘Pieter Mijer, gûverneur-generaal’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum