Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Waarme bân

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Raden Saleh*
fan Antoine Payen**

Hy riisde op, heech boppe ’t fjild
as joech de Skeppershân in set
om him safier te krijen,
Merapi hold him oan gjin wet,
hat faakris fjurrich him fernije.

Image

Hy liet syn fjurrich aard ek sjen
oan Hollânsk kolonistemacht
út grime om ferdrukking,
Merapi spuide yn de nacht…
syn freon, it hillichdom, gie net ferlern.

Want Boeddha wist fan ivichheid
en doer, dêr gie syn swijen oer
by hege meditaasje
yn ’t hillichdom Borobudur…
Merapi joech ferdivedaasje.

Image

De Skeppers- en de minskehân
ha freonen njonken elkoar set
as heech oprizend teken,
it rinnend fjoer brânt Boeddha net…
wa’t beide skôget, fielt de waarme bân.

* Raden Saleh (1811-1880)
Skilderij ‘De útbarsting fan Merapi yn 1865 by nacht’

* Antoine Payen (1785-1853)
Skilderij ‘Gesicht op Borobudur’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum