Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Farwol Britten

Skiednisbylden

fan Nicholas Habbe*

De Britten ha regearre
oer de weagen fan de wrâld,
mar ek oer berch en oer woestyn,
in ryk fan hjit en kâld.

De Britten ha Egypte
makke ta protektoraat,
beskermen foar harsels de Nyl
en hiene dêrby baat.

Oertsjûge wiene Britten
fan de hillichheid fan ’t lân
fan beide: Joad en Palestyn…
hâld stân mei hurde hân!

Egypte fielde neat mear
foar beskerming troch de Brit,
optearde foar in eigen styl,
net kâld, mar inkeld hjit.

Sa rekke Palestina
ek oertsjûge fan ’t idee
dat hurde hannen sloegen kâld
ta, dus de Brit op see!

* Nicholas Habbe (1827-1889)
Yllustraasje ‘Britannia rules the waves’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum