Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Under it jok fan Babel

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Lykas in okse syn sylbeage
draacht, sa sil de grutske foarst
fan Edom, Moäb, Tyrus, Sidon
dy ek drage ûnder hearskippij
fan Babels grutte kening.

Dit moast ik bringe ûnder eagen
fan gesanten út it lân
fan Edom, Moäb, Tyrus, Sidon,
want dat boadskip brocht de Heare my,
dus tsjinje Babels kening.

De God fan Israel hat sprutsen
oer de skepping: út syn hân
kaam al wat op ’e ierde libbet,
alles sil Hy oan de kening jaan
dy’t hearsket yn grut-Babel.

It folk dat mei Gods wurden brutsen
hat, net harket nei de foarst
fan Babel, wurdt swier straft mei oarloch,
honger en de pest, ’t is út syn dwaan
en jout him oer oan Babel.

* Foto ‘Sylbeage’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum