Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Knibbelje

Polityk

fan ûnbekend*

Moat hy op ’e knibbels lizze
foar mynhear de presidint
dy’t him heechhertich delslein hat
om’t hy it opnaam foar syn lân,
dat striidt foar in bestean
yn frijheid tsjin represje?

Moat hy foarsichtich sizze
dat er wol yn goedens wol
omdat er opkomt foar syn lân
dat oars oerrûn wurdt troch de macht
dy’t slacht foar master op
mei ’t wapen fan represje?

Is dit terjochte frede
dy’t basearre is op rjocht
en ’t lân yn need de frijheid gunt
om sels te kiezen foar de macht
dy’t striidt foar in bestean
yn frijheid tsjin represje?

Wolnee, dus gjin genede
foar mynhear de presidint
en de tiran, mynhear syn maat,
lis beide op ’e knibbels del
en lit har net wer stean
oant sy de macht dellizze.

* Yllustraasje ‘Op ’e knibbels’



Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum