februari 19, 2025
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Europa, hearsker oer de wrâld
al silend oer de oseanen
mei de flaggen klappend wapperjend
as wiene it kanonnen…
bist noch te hearren en te sjen?
Amearika hiest yn de macht,
al lietst dyn ynfloed sjittend jilde
en dyn hannen klappend wapperje,
hiest neat mei yndianen…
der gie doe noch gjin slach ferlern.
Europa, lannen dy’t lykas
Amearika feriene binne
mei de blauwe flagge heech yn top,
slaan no ek op ’e tromme,
wês net benaud en lit dy sjen!
Frede komt net mei de bek
yn beide hannen, bûten sinnen,
stjerren, strepen klappe wapperjend
de swakke by de tafel
wei, gean foar nimmen op ’e rin.
* Foto ‘Flagge fan Europa’
** Foto ‘Flagge fan de Feriene Steaten’
februari 15, 2025
december 13, 2024