Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kultuerpriis

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

Skûtsjesilen is net inkeld rekreaasje
neffens ’t ministearje fan kultuer,
it hat foaral te krijen mei de graasje
fan it skipperslibben yn it wurk en de natuer.

Image

Dy tradysje moast perfoarst beleanne wurde:
foar it skûtsje yn de âlde styl
folstiet men net mei kulturele wurden,
dêrom in medalje foar de wiere skûtsjefyl.

Image

’t Ministeriële komitee fan trije
hearen sette har ta ’t swiere wurk,
se mochten gjin fernijde roeven lije,
ynspektearren yngeand fan it helmhout oant de durk.

Image

Trije skûtsjes stiene op ‘e nominaasje:
Drachten, Earnewâld en ek Doarp Grou;
hoewol’t it Drachtster skûtsje miste faasje,
alderlêste, krige it de priis foar styl en bou.

Image

admin

Poepetoer

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1966

Image
Hylke de Vries

Wa kin sportman Hylke net,
in keardel fan de traap en taap
op ’t fuotbalfjild en it biljert,
de hannen oan de skoat en ’t roer
en skipperspraat rjocht foar de raap,
mar ’t djipste wie syn poepetoer,
dat wit it wâlfolk net.

Image

Hylke sylde lang ferlyn
mei ‘Hoop op Welvaart’ yn de striid
skerp oan de wyn de Tynje yn,
doe’t foar de kop in lytser skip
net wike koe, mar krekt op tiid
fluch mei in dûk kriich Hylke grip
en rêde sa in bern.

Image
Jan Sietema (Poep)

Nei de earste poepetoer
waard Hylke set foar nûmer twa:
as skipper fan de Poep oan ’t roer,
dy’t sile soe foar Earnewâld;
’t ferneamde skip fan Sietema
liet Hylke dûke as in rôt,
mar stridend gong ’t ferlern.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum