Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Libbenskleuren

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
By de dea fan Gerrit Jan Lam,
ferûngelokke op 14 septimber 2005
op de Boalserter dyk te Snits

Hy lei dêr tusken al dy knuffels,
trou de dagen troch op wacht,
waksineljochtsjes yn de rein
en blommen dy’t de stoepe kleuren:
de swiere stien as hurde klacht
tsjin wat foar him de ein waard,
in jonge, dy’t yn ’t libben fleure.

Image

De stien dy’t droech de kleare kleuren
fan syn byld en ’t Hearrenfean,
it blauwe shirt, it reade blêd
of hert sa tusken skeane banen,
in hert om foar de sport te gean
oer ’t fjild en sprintend, swevend
it libben troch mei fleanend fane.

Image

Sa fleach er troch, noch foar de hikke
mei de kleuren wyt en read,
it blau waard wei, gie swevend oer
yn wat syn freonen net mear rikke,
dy’t inkeld seagen, ’t is ferkeard…
mei trije kleuren ha se
de bal noch ien kear nei him tikke.

Image

admin

Lemster demokrasy

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1965

Image

De Lemmer seach ferslein nei boppen
hoe’t de wolken jagen lâns it swurk,
doe nei syn see mei wite koppen
dy’t de skippers holden fan it wurk.

De Lemmer bleau der net by sitten,
noege skippers yn it parlemint,
de stimming barde sûnder switten:
‘Foar it silen jouwe wy gjin sint!’

De sitting oardel oere letter
joech as útslach: net mear unanym
dertsjin, want fjouwer wisten ’t better,
seagen ’t ljochtsjen fan de westerkym.

Hoe demokratysk wie De Lemmer
mei it starten fan de skûtsjestriid?
De mearderheid wie anty-stimmer,
mar de hiele float kaam wol op tiid.

De striid blonk fel by lege sinne,
kombinaasje fan natuer-kultuer;
De Lemmer soe it ek noch winne.
Lang sil libje Lemster diktatuer!

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum