Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dûbel ferhaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

Image
Dêr stiet er yn de midden,
Justinianus,
keizer fan ’t Romeinske ryk,
sawat oan ’t himelryk allyk,
earst stride, dêrnei bidde.

Hy wie betûft yn ’t lieden
fan Byzantium,
sa’t syn omke earder die,
fan wa’t er oernaam rjochte rie:
ien ryk yn plak fan skiede.

Syn troepen liet er stride
om Ravenna,
stêd fan San Vitales tsjinst,
mei fan gefolgen dûbel winst
en keizerlike tiden.

Dêr stiet er yn de midden,
Justinianus,
op ‘e earm in hostyskaal,
dat dûbel wie ek syn ferhaal:
‘Lit ús nei ’t striden bidde.’

* Mozayk yn San Vitale te Ravenna

 

admin

Op Romeinske skaal

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan anonym*

It koe net langer, ’t waard te manysk,
it fleach de pommeranten nei de kop,
se hiene heech it boarst en krop,
sa fûn de keizer, Diokletianus.

De skaal moast lytser, ’t ryk yn parten,
dan koene fjouwer hearskers it oersjen,
gjin boarger fielde him ferlern,
sa hie ’t al yn de tiid fan Nero moatten.

Image

Tetrarch, sa wie de earenamme,
de east-west skieding, fredich twa by twa,
mar woe de boarger dêrop ta?
Hy fielde him noch altyd lyts, ferjamme!

Ferdieling fan de macht mislearre
en op ‘e nij kaam op ‘e troan ien Hear
mei fan de boarger alle ear,
al moast er hjoed noch foar syn keizer stjerre.

* Byld ‘De fjouwer tetrarchen’
(sirka 300 nei Kristus)

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum