Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Bjusterbaarlik

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De kleuren skreauwe,
portretten laitsje,
de letters roppe:
‘Do moatst ús leauwe,
omdat wy meitsje
fan Snits in boppe-
slach, wol tuorreheech
en sa ek poartewiid,
want neat is ús te dreech
foar Snits yn eigen tiid…’

Image

… mar hjoed stie yn de krante,
swart op wyt,
sûnder byld,
mei letters dy’t
beljochtsje alle kanten
fan Snits – dêr moat men hinne –
yn ien wurd – bjusterbaarlik –
om’t Snitsers al tefreden binne.

admin

Foarlân

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Op dizze kleare sneintemoarn
seach ‘k trijeris it foarlân lizzen:
it fiergesicht as fisioen,
belofte fan it lân dat dizze
winter rint al nei de jûn.

Image

En by de toer de farske grûn,
in teken fan it lange lizzen
fan wa’t, sa koart noch mar ferstoarn,
my noch it twadde hat te sizzen:
’t foarlân sûnder fier fertoan.

Image

Doe klonk it wurd oer Mozes’ dea
nei’t hy it rynske foarlân skôge
foar eigen folk, dêr’t hy as lieder nea
de fuotstap sette soe, foltôge
wol syn libben, mar syn lea…

Syn lichem hat gjinien wer fûn,
want lieders ha gjin rêstplak nedich,
sy libje troch en yn de jûn
berinne se it lân fan frede,
út ‘e fierte fisioen.

Sa rûn ik mei nei bûten ta
en seach twa jonges wat oan ’t skoppen,
in byld dat flitsend oanjoech wa’t
mei ’t fiere koppen en it stopjen
’t libben as har foarlân ha.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum