Willem Tjerkstra’s thússide
admin

De stoel

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De iere maitiidsmoarn
mei skiere loft en rein
rûn stadich mei my mei,
wylst westewyn ferdreau
de peaskebrânlucht nei
it easten fier werom,
de twadde sneinske trein
kaam út it noarden wei
en trimmers draafden stom
de skonken nei de ein
fan wat yn ’t suden lei,
doe seach ik tsjin in beam,
tsjin alle dynamyk
fan dizze bliere dei,
in stoel berêstend stean
yn waar en wyn allyk
it krús gjin takomst mear,
sa flokte dizze sit
mei opstean út ‘e dea
en suver tagelyk,
de maitiidsmoarn en ik,
it kaam ús op it sear,
’t gefoel fan hoe’t it foel,
de rein syn lêste snit
en pine yn de lea,
dêr tsjin de beam de stoel
om dochs by stil te stean.

Image

admin

Poartefolk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Se sizze dat de Wetterpoarte
der kommen is om ’t frjemde folk
te kearen: ho, net fierder as de Kolk!
De skiednis lykwols seit it koarter:
de poarte kaam der foar ’t keunstsinnich folk.

Se sizze dat de himelpoarte
bewekke wurdt troch Petrus mei in swurd
en kaai: net fierder, earst godswurd!
De teologen binne koarter:
wa leaut der yn in god mei swurd en burd?

Image

Se sizze dat de Heaven swarter
en folle hjitter is as Lusifers,
mar liuw en mantsje binne by de les
en freegje ’t poartefolk: wa doart der
te snuven oan in libben sûnder stress?

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum