Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Obed

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan de Frânske Skoalle*

It wie yn Betlehem, de poarte,
dêr’t Boäz losser waard,
wat hat ta trochgong laat
nei ’t bern dat dêrby letter boarte.

Image

Fan woddo út ‘e fiere frjemdte
waard Ruth yn ’t Breahûs mem,
har blidens wie te sjen
om ’t bern yn heit syn romme wente.

Noömy hiet net langer Mara,
want bitterens hie west,
foar beppe wie it bêst,
mei lytse Obed soe it barre.

Image

* Frânske Skoalle (13e ieu)
Yllustraasje ‘Berte fan Obed’
Yllustraasje ‘Noömy mei it bern en de oare froulju’

admin

Winterstoarm

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1977

In winterstoarm kaam oer de float
en twirre om de hjitte hollen
fan guon skippers, baas oan board:
gjin tugeplan fan Gerritsma,
want lytser wie har dochs tefolle.

Image

Hear Siete* bearen oer de prof:
‘Wy kinne sels it seil wol hysje,
jou kompjûters mar ferlof,
gjin tugeplan fan Gerritsma,
wy ha yn Fryslân sels ambysje.’

Broer Lodewijk** begûn doe ek:
‘Kompjûters kin ik net mei sile,
sifers meitsje my gau gek,
gjin tugeplan fan Gerritsma,
lit ús mar mei de seilen piele.’

Image
Foarkant Friesland Post, juny/july 1977

’t Wie Sietse*** dy’t de lading joech:
‘Yn ’t rom wat tonnen sân as ballêst,
smyt it oer in oare boech
as ’t tugeplan fan Gerritsma,
want laden foeren skûtsjes poerbêst.

* Siete Meeter
** Lodewijk Meeter
*** Sietse Hobma

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum