oktober 6, 2016
|   |   |   | 
| Op 29 april 2007 wie de premiêre fan de muzikale Jonafiering yn de Sint Martinustsjerke te Wurdum. De sinne riisde op dy maitiidssnein as ’t iene each fan Gods gesicht; de strjitte wie in stil gedicht, hie neat fan ’t stedske kreamkeplein; it sleatsje, spegeljend it swurk, ferlike mei it weagewurk fan stoarm op see, wie ’t snienske lok fersein. 
 Mar Sint Martinus riist hjoed himelheech It harket nei it bûnzjend hert It sjocht it jeien fan it swurk, It harket nei it farrensfolk 
 It fielt hoe’t Jona dweiltrochwiet It sjocht mei Jona ’t deiljocht wer, It harket nei it merkgebalt 
 It sjocht hoe’t Jona skruten stiet It harket nei ’t profetysk wurd 
 It sjocht hoe’t Jona swittend sit It harket nei hoe’t Jona poer 
 It fielt mei Jona’s libben mei ’t Hat west en Sint Martinus streamt wer leech, 
 | 
oktober 6, 2016
|   |   |   | 
| In lyk man is in ryk man en dêrom kin ik pinne en soms ek noch wat winne by de bank fan Nederlân, fan Amsterdam nei Rotterdam, hup Ajax en hup Feyenoord, wa wurdt hjoed kampioen, de bal is djoer en rûn, sa prate Piter Petman. 
 Begjin wize: Wilhelmus De ABN en AMRO Syn skyld koe ik fertrouwe, 
 De topman lykwols smachte 
 Mar sjoch, dêr wie de fijân, 
 Barclays ferlei de grinzen Oarloch, myn earme skiepkes, 
 Ein wize: Wilhelmus Hjir is wer Piter Petman, |