Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rib út it liif

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

Wat docht de skipper fan Langwar*
as hy op eigen wetter sylt?
Dan is syn nachtrêst yn de war,
omdat er ’t eigen wetter fielt.

Image

Dat wetter wâlet ûnder ’t skip
de ‘Warber’ dat er bouwe liet
foar twa miljoen, út ’t liif in rib,
de rest liedt lykwols ta de died.

Dêrby komt mem har: ‘Set him op!’
Sa sylt er mei de griene dwyl,
want sûnder sliep, mei folle kop
oer ’t eigen wetter yn syn styl.

It giet foar wûnder by de start,
de griene wart him, komt op kop,
bliuwt warber oant er ’t einskot hat…
wa seach de ribbe as in strop?

Image

* Lammert Zwaga

admin

Keimpes krús

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1980

Om’t der oarloch komme soe,
naam Earnewâld in resolút beslút:
mei hjitte koppen, dikke twirren koe
it krúsrek der mar better út.

Image

Yn in lange rige gie
it oer de Sânemar nei Folkertssleat,
gjin skipper dy’t yn oarlochsstimming wie,
want linysilen wie har neat.

Nûmer ien koe yn de sprint,
dat Keimpe* fan Wâldsein kaam fier op kop,
’t publike sizzen wie: ‘Wa’t rint dy wint!’
Ynienen lykwols hold it op.

De wyn briek ’t flugge spul,
sadat de Folkertssleat in krúsrek waard,
’t publike sizzen wie: ‘Wâldsein de lul!’
Wol trije hiene dêrby baat.

Image

’t Krúsrek kaam gjin oarloch fan,
se struiden sân deroer op Sânemar
en finish, Jan** wie dêr de sterke man,
foar Keimpe wie it yn de war.

* Keimpe van der Meulen
** Jan van Akker fan Snits

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum