Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Itens

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Itens, doarpke op ‘e klaai,
in lange streek fan stien en hout,
der tuskenyn de iene wei
dy’t tagong ta de fierte jout.

Image

Itens, doarpke fan it lân,
mei beide fuotten op ‘e grûn,
it wetter hâldt men yn ien hân,
’t gefoel wurdt troch de sleatten jûn.

Itens mei syn tsjerketerp
dy’t sjocht de fiere fjilden oer
en tekent tsjin de sinne skerp
it silhûet fan skip en toer.

Image

Toer fan Itens, stien en hout,
stiet boppe iepen foar de Geast
dy’t waait, it tsjerkfolk sa fertroud,
fan noard en súd, fan west en east.

Itens’ tsjerke, iepen plak
foar folk, ferbinend Wurd en wrâld,
is nea foargoed in ûnderdak,
want pylgers binne sâltsjend sâlt.

Image

Itens, skepping fan de see,
in bûn fan wetter en fan lân,
foar learend folk ’t sintrale stee
dat bynt gefoel oan it ferstân.

Itens, sintrum ta beslút,
dêr’t hinne waait in nije wyn
fan east en west, fan noard en súd
en ek werom, de wrâld wer yn.

Image

admin

Kleurleas

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se ha wjukken om te fleanen,
nei de wolken ta te klimmen,
del te saaien achter kimen
dêr’t se yn de romte steane.

Se hawwe fluezen om te swimmen
oer de puollen en de marren,
weagjend op ‘e hege baren
en te rinnen yn de himmen.

Mar achter traaljes sil net barre
wat har wjuk en flues graach wolle;
witens kinne sy útstalle,
op ferline skientme tarre.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum