Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Flot begjin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Wêrom soest net lyts begjinne
as Bataven yn in holle beam
har sakje lieten op ‘e stream
om hiel ús lege lân te winnen.

Image

Jimme, jonges, ha it rêden
mei in hammer, seage, tou en hout;
sa hawwe jim in seeskip boud
dat fart nei alle havenstêden.

Wâl of reid kin jim net keare,
it Spoardok wurdt Stille Oseaan,
in hege beam in havenkraan
en wite hûnen binne bearen.

Image

Om de hiele wrâld te winnen,
is ’t Spoardok in lyts mar flot begjin
foar seelju dy’t mei fleurich sin
har libbensskip bestjoere kinne.

admin

Stoomstjer

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It hat wer west, de nostalgy
fan reek en wolk by skjinne loft
dy’t loek it folk, de stoomfankloft
op ’t ritme fan de tintmuzyk.

Image

Se pûste út, yn harmony
nei oparbeidzjen troch de dei,
de iene naam de oare mei,
se hymje nei, no tagelyk.

Image

De treinploech hat de mûle fol
fan spoarend dik tefreden praat
oer harren dinderjende maat
dy’t fluitsjend yn de wolken is.

Image

De masinist, mei koalen gol,
is dik fan smoargens troch syn maat,
fan him hat hy no ek wer baat:
it wetter is sa lij as pis.

Image

It hat wer west, mar it komt wer,
dan wurdt de nostalgy in wolk
fan smoargens foar it Snitser folk,
want alle dagen is hy stjer.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum