Ast noch bern bist, sjochst nei boppen
dêr’t de stjerren dreame litte
fan ast grut bist: stjer yn ’t koppen
fan de bal of rekke sjitte
om it fier te skoppen.
Ast dan grut bist, skopst fierhinne
sûnder dream fan stjerren
dy’t ferblikke yn de sinne
fan it stribjen om forsearre
fan de oar te winnen.
Bisto wizer fierder kommen,
dan ferwize fiere stjerren
nei de bernetiid fan tomme
yn de mûle, dreamend hearre
by it lytse romme.