Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Kleur

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De loften driuwe swier en fol
fan mankelikens oer de mar
dy’t leech gjin griis ferneare kin.

As út ‘e fierte fan ‘ik bin
de fisker dy’t nei fûken fart’
fersiert oranje ’t wetter wol.

En sjoch, de drippen binne gol
fan sinne, dat it wûnder bart
fan mankelyk nei fleurich sin.

Image

< Foarig
admin

It hynderke

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Ik fûn it op it smelle paad,
tichtby it hôf dêr’t deaden rêste:
in hynder, lizzend yn it skaad
fan dit is grif it alderlêste.

It hynder wie har ideaal
dat sy beried yn al har dreamen;
sy sprong dermei op lytse skaal,
mar waard doe krekt dat hynder earmer.

It wie har kaai nei dreamelân,
de twadde wie foar ’t hynstedeiboek;
de earste miste se, har hân
betaaste triljend beurs en bûsdoek.

It slot giet iepen mei de kaai
fan ’t deiboek: hynders dy’t har treaste;
ik nim har deade hynder mei,
dat lei by ’t hôf fan tûzen geasten.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum