Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Stielhurd gelyk

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Sy wenje simmers op it wetter
tusken ’t platte dak en stiel,
genietsje fan de fiere kimen,
want har arke is in diel
fan ’t spul… fan goed nei better?

’t Is de fraach fan ’t âlder wurden,
want de arke bleau gelyk,
deselde noch as mei har trouwen,
’t hiele jier in smûk ûntwyk,
in sizzen mei safolle wurden.

Image

It sizzen koe de die net keare,
doe’t de wâl it foartou naam:
in wente tusken stiennen muorren
dêr’t men yn de romte kaam,
de arke lykwols waard noch eare.

Dy wie doe foar de rekreaasje,
leafdesread foar de natuer,
de griene râne foar de hope
op in libben sûn en puer
en wyt foar de ferdivedaasje.

Image

Sa tusken de betonnen bakken
bleau de arke lyts, gelyk
oan wat de ienfâld stielhurd foarskreau
tusken lju, de measten ryk
mei wenten ûnder gouden dakken.

Beton kin oer de wylde weagen
dy’t it stiel mei kealens slacht,
sa moast de helling troch de jierren
’t arkje faak in tarbeurt jaan,
mar ’t bleau gelyk foar alle eagen.

Image

Sy wenje simmers op it wetter,
binne dan de wrâld te ryk,
sy sjogge út nei fiere kimen,
want har arke bleau gelyk
en wat net better wurdt, komt letter.

admin

Stedsparadys

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat is de stêd oars as it plak
fan jeien tusken wurk en bêd,
de holle altyd ûnderdak,
de mage fan it fastfood sêd.

Nim dan it plak dêr’t Adam trof
syn Eva neaken yn de tiid
krekt makke út it ierdske stof,
it bêd fan gers wie wiid en swiid.

Mar sjoch de stedsjer rekket los
fan altyd wurk en ûnderdak
en komt mei bad en mei matras
yn ’t eigen paradys teplak.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum