Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Ballade fan Dales

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit ús de lof besjonge
fan in Dales út ‘e grutte stêd
dy’t harke nei it roppen: ‘Rêd
ús stêd mei fûst en tonge.’

Hy kaam as rêdend ingel
nei’t barbaarske achterstânsgebiet
fan altyd wer itselde liet:
Het arkje aan de Singel.

Image

Syn song soe hiel oars klinke:
Ik as Dales sil jim dalles-dreun
en ek het-wud-weer-niks gekreun
yn ’t Singeltsje ferdrinke.

It earste jier soe ’t waaie
fan syn hillige, oertsjûge geast,
de liuw moast beare, mar it meast
soe ’t eigen hoantsje kraaie.

It twadde jier moast komme
mei de spierkrêft fan de sterke soan,
de feiligens op hege toan:
ferstomme is ferdomme.

It tredde jier wie ’t lêste
mei de skepping fan de golle heit,
it Saailân waard it heldefeit
fan Dales, god dy’t rêste.

Wat rêste? Hy wol wrotte!
No’t er gjin minister wurden is,
ferstruit er rynsk en sûnder mis
oer ’t hiele lân syn skatten:

‘Ik Dales dy’t de dalles
romme fan it achterstânsgebiet,
lit ús hjoed sjonge ’t nije liet:
Stêd Ljouwert wurdt no alles.

Ik sil jim gau ferlitte,
trije-ienheid wurdt myn himelfeart
nei ’t folle lân fan hege steat,
InHolland sil it witte!’

Mar wol ús dit ûnthjitte:
sjoch yn ’t hege ryk, o goadesoan,
ús nije arkje nochris oan
en doopje ’t mei jo witten.

Image

admin

Houkemar

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wat komme moat, leit noch bedobbe
ûnder moddergrûn, in hôf allyk,
it stek derfoar fertelt mei bylden
fan de risiko’s yn ’t deaderyk.

Image

De stielen platen nêst de blommen
binne foar beskerming fan de dyk,
pilonnen lykje sleine skylden,
want de fytsers woene net omlyk.

Image

Om maitiidsfûgels fuort te jeien
waaie stripen read-wyt op ‘e wyn,
gjin driuw is lykwols op te kearen,
oer de wjuk ferdriuwt de plastic skyn.

Image

Mar mei de tiid sil ’t byld feroarje,
takomst stjoert gjin fytser yn de war,
de ljippen moatte swimmen leare,
want it modderhôf wurdt Houkemar.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum