Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Boargeroarloch

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Twa kampen yn it iene lân,
fan Isjbosjet mei Abner
tsjin Joab, generaal fan David,
keazen beide foar geweld.

De kar wie wol mei sûn ferstân:
fan tolve man fan Abner
tsjin Joabs tolve sterkste krigers…
wa ferlear, wa waard de held?

Image

’t Wie swurd tsjin swurd en spear tsjin spear,
de iene griep de holle,
de oare stiek de side iepen…
wa ferlear, wa waard de held?

Se foelen tagelyk, gjin ear
waard op it slachfjild helle,
de striid gie troch, mear deaden foelen…
wa hat doe de deaden teld?

’t Wie Abner dy’t mei sûn ferstân
oan Joab frede frege,
dy liet ynstimmend ’t hoarnlûd klinke…
elk hat oer de ein ferteld.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Striid tusken de legers fan David en Isjbosjet’

admin

Ferdield keningskip

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Pedro Berruguete*

Nei Davids kleiliet oer de deaden,
kening Saul en Jonatan,
moast hy de keningsklim noch meitsje;
nei Hebron, joech de Iene oan,
dêr soed er op ‘e hichte reitsje.

Image

Sa wist er dat syn libben kearde
nei it hoederskip fan ’t folk,
it soe sels by de hoeder komme:
stam Juda joech him kroan en troan,
de oaren ha ’t foarearst fersomme.

In generaal hold Saul yn eare:
Isjbosjet as foarst, syn soan,
dy soe de skiep as hoeder weidzje,
gjin oar mocht klimme op ‘e troan
fan Israel, hy soe se reitsje!

* Pedro Berruguete (sirka 1450-1503)
Skilderij ‘David’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum