Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Trije tsjerken

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It wie op snein en stil dy moarn,
it fjild yn rêst, de sinne kipe
troch it tinne wolketek;
de boer seach froed de loft ris oan
en sei: ”t Is eins tsjin myn prinsipe,
mar it waar dat is ’t him krekt.’

Image

Syn soan ried mei de trekker fuort
nei ’t lân krekt droech nei trije wiken
reinich waar en moarn wer wiet;
de boer seach nochris, spriek fan ’t lot
yn ’t libben, liet syn leauwen blike
yn de wei dy’t fierder giet.

Image

In kilometer fierder ried
it folk nei Goaiïngea syn tsjerke,
op ‘e lêste snik nei dea;
de klok rôp, de boerinne liet
de boer syn fierder rinnen merke
yn de lieten en de bea.

Image

Twa kilometer fierder klonk
de klok fan Loaiïngea foar bûten:
achter hage preek en liet;
de sinne briek doe troch en blonk
as knypeach fan de Hear op rûte
nei de boer syn droech gebiet.

admin

Ballade fan it arke-paradys

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Yn ’t frije libben wie har plak
op driuwend stiel en tusken hout
yn kamûflearjend donkergrien
en boppe har it platte dak;
sy wiene mei har arke troud,
mar libbenslang, dat wist gjinien.

De namme spriek it fielen út:
dit paradys wie like moai
as ’t hôf fan Eden yn ’t begjin
dêr’t op ‘e wrâld de earste tút
kreëarre foar dy twa de toai:
natuerlik libben as de sin.

Image

Se bloeiden tusken reid en gers,
belibben hazze, ree en mol
en fleagen fûgels achternei,
wat kulminearre yn in fers,
twastimmich, fleurich, fol
gefoel, har hiele skeppingsdei.

De jierren telden nei de dei
dat wurd en sifer leine fêst
wat har op ’t lêst foar eagen stie:
hy skreau it leaf ferline nei,
dit paradys hie no wol west,
de bernsbern mar, sa wie har rie.

Image

En doe’t it stiel wat tinner waard,
it griene hout op plakken keal
en ’t daklear net mear sa fertroud,
ha bernsbern meiinoarren praat:
gjin stiel mear, mar it wurdt in steal
fan no ús tiid: beton en hout.

Image

It paradys fan stiel en hout
foel útinoar, it wie de ein,
mar net foar ’t pear fan styl en sang:
sy fierden feest, sa lang al troud
oerlibben sy wat lei ferslein,
har paradys wie libbenslang.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum