Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Foar de Snitswike 2007

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
It moat de sprong noch weagje,
it rôljend frachtferfier,
it is net inkeld striid fan boaten,
it folk komt ek foar it fertier.

Image

De bekers sille skomje,
de kielen wurde smard,
de hûndert húskes hjitte wolkom
wat troch it lichem is fertard.

Mar nei de Roekoepôle
gie alles mei it skip,
in houten flier om op te dûnsjen,
de fleur deryn, derút de drip.

It swit koe net ferwurkje
wat yn it lichem kaam,
de slurf hong spuitsjend tusken reiden,
mei lege blaas wer nei de faam.

De rige hoecht net fierder,
de ponten farre ’t oer,
it feest sil takom wike heve
en hûndert húskes nimme ’t oer.

Image

admin

Pompeblêd

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Yn de winter djip ferburgen
ûnder wetter yn it slyk,
hie skynber dea it libben urven
fan de simmerske lyryk.

Image
Yn de maitiid kaam it boppe,
plat as ’t wetter fan de feart,
de simmerpracht wie noch ferstoppe,
hegerop yn lege steat.

Doe’t de wyn loek oan it wetter,
weagen brochten it beweech,
begûn it sels en efkes letter
kaam it griene seil omheech.

Image

Mei de fleugel koe it pronkje,
’t giel stiek boppe winsken út,
it die fan alles foar in gonkje,
mar it joech gjin sier of sprút.

Doe betocht it lilk wer lizzend
in ferbreedzjende taktyk:
de sylpream soe de wedstriid misse,
rekke fêst yn blêd en slyk.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum