Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Liuwen yn Samaria

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

Israel yn ballingskip
en heidenstammen yn syn plak,
dat wie de oarder fan Assyrië,
sa kaam elk folk wer ûnderdak,
mar bleau folslein yn kenings grip.

Heidenstammen wisten net
wat Israel wol witten hie:
tsien wurden, krigen op de Sinaï;
mei liuwen wisten se gjin rie,
de ramp hat har oan ’t tinken set.

Image

Pryster-balling kaam werom
foar heidenstammen yn de lear:
tsien wurden yn de stêd Samaria;
sa kriich de Iene ek de ear
nêst eigen goaden… dielde rom.

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘De frjemdlingen yn Samaria
troch liuwen ferskuord’

admin

Israels ballingskip

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan ûnbekend*

It wie noch net sa as it hearde,
mar Hosjéa wie de minste net,
dochs moast er bûge foar de wet
fan Sjalmanassar út it easten.

Hosjéa moast mei jild it rêde,
skatting jaan oan Sjalmanassars ryk,
dan wied er mei it easten lyk
en koed er sels as kening hearskje.

It wie net sa’t it einliks hearde,
mar Hosjéa woe in hiele kear,
hy spande mei Egypte gear
tsjin Sjalmanassar út it easten.

Hosjéa koe ’t dêrmei net rêde,
kaam telâne yn de finzenis,
ek foar it hiele folk wie ’t mis:
gjin eigen wenplak koe it easkje.

Image

* Assyrysk reliëf ‘Deportaasje fan Israel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum