Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Transfer of winne*

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

Evenredich wie de skipper** net
doe’t hy syn fjirtjin punten krige,
juster stie er op tsjin elke wet
dy’t Boalserts eareplak bedrige.

Siete balte doe noch oer transfer,
in wiksel fan organisaasje,
hjoed lykwols waait wer de fleur
yn ’t seil fan Boalsert, jout him faasje.

Image

Joop*** is út ‘e start as earste fuort,
wylst op ‘e daam al wurden klinke
dat gjinien him hjoed ferskuort
en soe in skip mei dit waar sinke?

Boalsert net, gjin tinken oan transfer,
want Siete driuwt nei syn ambysje,
’t  wite skip jout sa wer kleur
oan ’t silen, pakt de kopposysje.

Image

* Op De Lemmer
** Siete Meeter
*** Joop Mink

admin

Feanster trim

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1985

Image

De wyn noardwest, de loft berûn,
de reiden bûgden djip,
Wâldsein jûchheide, ’t waar wie sûn
foar wâlpublyk en skip.

It skip, al faak de kampioen,
wie yn in djippe dip:
It Hearrenfean hie noch neat wûn
en op ‘e trim gjin grip.

It startskot foel, it skip kaam min
op gong, it hold net oer;
it wie de skipper* net nei ’t sin,
hy wipte oer it roer.

En sjoch, it skip kaam yn de trim
en bûgde as in reid,
it song syn âlde liet: ‘Ik stim
my ôf op hoe’t it waait.’

De harmony fan skip en wyn
brocht Tjitte* nei plak twa;
de flagge kroep de mêst wer yn,
sa woe de freugde ha.

Image

* Tjitte Brouwer

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum