Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Jiske as lean

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Rembrandt*

Image

Nei de hichte is er klommen,
út ‘e hjitte fan it fjoer
dat lôget troch de strjitten
fan Davidsstêd Jeruzalem,
soe hy dat hillich paad ferjitte?

Jeremia is ûntkommen
oan ’t ûnhillich ballingpaad,
tank oan de foarst fan Babel;
yn frijheid kin er stean en gean,
mar sit, it sicht is miserabel.

Skatten ha se by him litten,
mar matearje lit him kâld,
syn fjurrich moed is dôve;
wurdt jiske syn profetelean
nei’t wapens him fan ’t ljocht berôven?

Yn de djipte hat er sitten,
mar it ljocht wie yn de put
doe’t hy it godswurd hearde;
de flammen smoare elke stim…
kin hy him moarn yn stilte rêde?

* Rembrandt (1606-1669)
Skilderij ‘Jeremia treurjend om
de ûndergong fan Jeruzalem’

admin

Keninklik drama

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan Gustave Doré*

De soallen waarden him te hjit,
dat Sedekia flechte mei ’t regear
de stêd út nei it easten;
’t keninklike naam in kear
mei ’t swalkjen tusken bisten.

Fuort rekken takomst en ûnthjit
mei achter him de stêd yn flammen
en Babels jeiend leger;
’t sloech it keninklike lam,
dat gjin ûntkommen seach er.

Hy moast wol sjen, mar ’t die him sear:
fermoarde waarden trije soannen yn
in sucht en foar syn eagen,
dy’t trochstutsen waarden, blyn
is Juda’s foarst ferlege.

Image

* Gustave Doré (1833-1883)
Yllustraasje ‘Nebûkadnessar lit de soannen
fan Sedekia fermoardzje’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum