Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Dreamen

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Mostaert*

Image

Se koene ’t folle minder treffe,
dizze arrestanten yn de sel,
mei tegels, tafel, ledikant
en bôle jouwe sy har noflik del.

Sa sprekt de bûtenkant yn kleuren,
mar fan binnen tyskje bylden om
dy’t op ‘e muorre dizich stean
te wachtsjen op ‘e útlis, tou of rom.

En Joazef hat de dream foar eagen
fan de skinker by de druvestrûs;
de beker fan de farao
rint oer fan freugde, romte by de rûs.

De eagen glide nei de bakker
mei de swarte krieën om de koer
en galge, pikkend yn it brea
en fleis, syn bôledream oan ’t  hôf is oer.

Mar achter yn de sel bliuwt Joazef,
wachtsjend op ‘e dream fan farao;
syn fûgel is gjin swarte krie,
de útlis fljocht op wjukken fan de do.

Image

De bûtenkant fan dizze finzenis
seit inkeld wat syn funksje wie,
mar wat der dreamd en útlein is,
lei binnenyn dêr’t it in plakje hie.

* Jan Mostaert (sirka 1475-1555/1556)
wie in skilder út Haarlem. It skilderij
‘Joazef leit de dreamen fan de skinker
en de bakker út’ is makke op in paniel
fan 31 by 24 sintimeter en hat wat fan
in miniatuer.

admin

Simson en Delila

Keunst
PDF Print E-mail
fan Adriaen de Vries*

Image

Simson, keardel mei dyn sterke spieren
fochtst tsjin liuw en Filistyn,
mochtst dyn geheim gjin mins fertelle,
waardst troch skientme dûbel blyn,
seachst net de trilling yn har spieren,
hoe’t sy glimke flaaikjend fyn,
seachst ien kant fan it byld, de felle
flam fan erotyk, de skyn.

Do, Delila seachst it fan mear kanten,
seks foar dy wie ’t deistich brea,
want alle dagen hiesto klanten
en ferfele die ’t dy nea,
it eigen folk kaam op it earste
plak, dyn stoere held ta skea
en fan it jild holdst noch it measte:
alle kanten, sels de dea.

Image

Dan sil no it sterke drama heve
mei de linkerhân yn ’t hier,
de rjochter litsto noch wat sweve,
út begrutsjen mei it dier?
Wy sjogge it fan alle kanten
dat it skearmes wie te swier
foar dy nei alle geile klanten
slommest boppe Simsons hier.

* Adriaen de Vries (sirka 1546-1626)
wie in apotekerssoan út De Haach.
Hy krige syn oplieding as byldhouwer
yn Italië en waard dêr ferneamd.
Fan de stêd Augsburg kaam de opdracht
om in grutte fontein te meitsjen.
Yn 1601 waard er hôfbyldhouwer
yn tsjinst fan keizer Rudolf II te Praach.
It byldsje fan Simson en Delila
is 41,5 sintimeter heech.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum