Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Simmerfantasy

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De kealte fan it winterwetter
krûpt my by de eagen yn
en fierder mei in rille oer de hûd;
ik draai my om en fiel de wyn
dy’t meifiert út ‘e fierte ’t lûd
fan ’t motorskip dat lânsfart achttel letter.

Image

In finger lit it bakbist farre
yn de waarmte fan de hut
mei swarte kofje en in simmerliet;
de skipper sjongt, mar sûnder wurd,
omdat it tinken al wer giet
de kant út fan it laden en it barren.

Image

As ’t skip wer ien wurdt mei de fierte,
fantasearje ik it byld
fan kleuren, grien de greide, blau de mar
mei heech dêrboppe, sa’t it fielt,
sweef ik fan kealte nei myn kar:
de simmer, want dit fielen wol ‘k wol witte.

Image
foto fan gemeente Snits

admin

Systeem

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Wylst de kosmos folget it systeem
fan rûntsjes draaie, dat de sinne
opkomt neffens tiid en plak,
ferkeart it moarnsfolk yn it ierdske frame
fan file yn syn eigen bak.

Lizzend op it rôljend ark de claim
om yn ’t ferkear wat tiid te winnen,
wurdt men stjoerd troch it systeem
fan rjochte wei en streek en ljocht en peal,
dat elkenien komt goed teplak.

Lykwols fielt men ridend faak mar heal
dat harsens ferantwurdlik binne
foar de foet op rem en gas
en giet it mis, dan krijt de peal in kras,
mar is de blikbak total loss.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum