Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Vanitas-stillibben

Keunst
PDF Print E-mail
fan David Bailly*

Image

Wat libbe hat dat is ferstille:
glimkjend bern ta byldsje getten,
jong en âld yn streken setten,
kleurich fêstlein, hjir bin ik,
de deadskop jout gjin hik of kik,
de holle hie de measte wille.

Bestean is neat mei neat, seit Preker:
skreppe yn de gleone sinne,
dy’t wol draait, mar nearne hinne,
minsken komme, hjir bin ik,
en stjerre, jouwe hik noch kik,
dus drink mei fleur de folle beker.

Image

Hoe kin ik fleurich wêze
by de tafel mei de dea
foar eagen en it wêzen
fan myn leafste achter glês
dêr’t ik har lot yn lês?

Mar ík sjoch mem har wêzen
sûnder tafel mei de dea,
sy kin net fierder wêze
as it glimkjen fan de rêst:
‘Drink do mei fleur dyn glês.’

Image

* David Bailly (1584-1657) is berne yn Leiden.
Hy hie fiif jier syn ferbliuw yn Dútslân en Italië
om de kost te fertsjinjen. Yn 1613 kaam er werom.
Hy hat in protte portretten yn lyts formaat makke.

admin

Skipbrek

Keunst
PDF Print E-mail
fan Jan Porcellis*

Image

Wylst it tsjuster jaget oer it swurk
en weagen rôlje razend oan,
belibje lytse minsken ’t grutte wurk
fan kening See heech op ‘e troan.

Image

De seelju op it sinkend dek
beskreauwe ’t needlot op ‘e wyn,
wylst seilen slaan en mêsten kreakje,
fersûpt it lûd, wurdt libben skyn
en makket kening See har gek.

Image

De sjoggers, streekjes op it strân,
djip yn it kraachbûnt fan de jas,
kin ’t skouspul fan tichtby beëagje,
want eagen litte net gau los
wat kening See slacht mei syn hân.

Image

De fiskers ha op tiid it swurk
besjoen mei ’t each op kommend waar
en brocht de boaten troch de brâning;
wylst kening See stjoert baar nei baar,
ferdjipje sy har yn it wurk.

As it tsjuster fan it griis fertelt
hoe’t kening See de wrâld regeart,
dan sjocht de minske hoe’t syn libben telt
en wat er fan it needlot leart.

* Jan Porcellis (1584-1632) wie ien fan de earsten
dy’t op it mêd fan de seeskilderkeunst
in ienheid fan kleur, ljocht en romte berikte.
Hy wie de eigner fan in ‘jachtschuyt’
en koe it wetter dus fan tichtby.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum