Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Rendemint

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De soere stâle koe ’t net keare
dat it leger rôle oan
mei ’t swarte sâlt dat rikjend hjit
set yn de berm de toan
fan lûd sil hjoed it asfalt beare.

Image

Men priuwt it swiet
dat rjocht fan stâle
linich ’t wiet beswimt;
in steatlik liet
klinkt tusken wâlen,
mar foar wa bestimd?

Image

Wannear’t de boer syn trekker keare
kin op hurde ûndergrûn,
gjin lege toanen yn de berm,
dan sjongt de bân yn ’t rûn
syn liet, it rendemint ta eare.

admin

Nei de wedstriid

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Lit kleuren fel fertelle
fan har fiktoarje op it fjild,
it pompeblêd as fuotbal,
de bloesem it jûchhei:
se draaiden as de swellen,
gjin seare wurgens ha se field,
nei ’t gloeiend skot in koprol.
Read hingje se derby.

Hoe kinne se sa roaie,
har priis krekt tusken berm en dyk,
it glês yn tûzen stikken
klonk as in lûd jûchhei:
se dronken om te goaien,
it seil noch foddich op ‘e gyk,
mei gleone koppen mikke,
read hingje se derby.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum