Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Fûnling

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De fûgelwrâld stie op ‘e kop
fanwege ’t fleanend rampberjocht
troch mear as hûndert snaffels brocht:
in lytsen dea, net lang noch út ‘e dop.

Image

In swannepearke swom mei gong
yn wite jas nei ’t rampgebiet,
se fûnen ’t lykje, kâld en wiet,
identiteit: it is noch jong.

Image

De âlden wiene net bekend,
in fûnling kaam yn ’t deadsberjocht
en fierder waard der net nei socht,
want fûgels binne soks net wend.

Image

In jonge krie, swart as de nacht,
waard foar it romjen fluch besteld,
dy hat him oan it lyk fertild,
syn mage hie ’t net yn de macht.

admin

Kom fan Offenwier

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Kom nei de Offenwierster kom
dêr’t noch de âlde tsjerke stiet,
it punt fan nijs en evangeelje
mei in preek en loovjend liet,
kom dêr no nochris om…

Wol is de tsjerke noch it punt
fan bus en mannich rútbiljet
oer Noach en in eksposysje
mei tal bôgen, gjin gebed,
mar wol in bok as stunt.

Sa is it tsjerkeplak de rom
fan troch de ieuwen Offenwier,
it paad fan sûnden nei katarsis,
fan de berte, stjerrend wier,
nei einlings digikom.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum