Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Krânselaits

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

It giet al wer net troch,
al foar de tredde kear
ferliest de float it fan de wyn,
tefolle of te min,
by grize loft of sinneskyn,
it is de skippers net nei ’t sin.

Se hiene leaver syld
foar noch in better plak,
foar guon it heechste, kampioen,
it moat mar sa’t it kin,
de bêste hat úteinlik wûn
en ’t is de heechsten wol nei ’t sin.

Image

Yn it fûlste fan de striid
is skolden op elkoar
mei hege fûst en gleone kop,
’t gefoel wurdt dan ta plicht,
mar komt de krânse by it krop,
dan brekt de laits troch op ’t gesicht.

Image

admin

Sûnder reef en SAR

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1994

It like op De Lemmer min
mei wynkrêft seis en soms in sân,
dat soe de striid wol heve?
Mar Aeolus hie wat oars yn ’t sin,
allinnich Huzum soe noch reve.

Image

Yn Ljouwert wjukke SAR omheech,
in helikopter foar de need,
omdat se ’t net fertrouden:
krige ’t wite skûtsje it te dreech,
dan tilde SAR it op mei touwen.

Mar Huzum snie de toutsjes los,
omdat Aeolus fûn de reef
derút, it koe wol sûnder;
Jelle * wie it bêst op dreef,
syn Lemster trui die it foar wûnder.

Image

* Jelle Reyenga

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum