Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Oan de Frânske keatting

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Steven van Esveldt*

Bergen op Zoom,
net yn te nimmen
as festing fan de Fries Van Coehoorn,
sa rûzen troch it lân de stimmen.

Bergen op Zoom,
fol mei soldaten,
dus lit de Frânsman no mar komme,
sa hearden boargers bûten praten.

Bergen op Zoom,
mei lege strjitten,
want minen kinne samar ploffe,
sa hie de Frânsman hearre litten.

Bergen op Zoom,
op ’t lêst ynnommen,
berôve fan de stedske skatten,
de stimmen wiene doe ferstomme.

Bergen op Zoom,
dyn wapenskylden
beseach de Frânsman út ‘e hichte,
wylst froulju har as finzen fielden.

Image

* Steven van Esveldt (útjouwer)
Print ‘Belis fan Bergen op Zoom
yn de Eastenrykske Suksesje-oarloch’

admin

Pragmatike Sanksje

Skiednisbylden
PDF Print E-mail
fan Martin Meytens*

Emansipaasje wie gjin regel
trijehûndert jier ferlyn:
in dame op ‘e troan… nee, tanke,
dan hellet oan de agressive wyn,
mar keizer Karels segel
kaam op ‘e Pragmatike Sanksje:

Us Eastenryk fertsjinnet letter
nei myn dea in goed regear,
in dochter op ‘e troan… jawis wol,
sy stiet as frou ek foar de naasje klear…
is dan in kening better?
De praktyk sil ’t leare, sa is ’t al.

Teresia, dêrfoar Marije,
berne nei heit syn ferdrach,
wie broerleas, waard dus keninginne;
sy droech de kroan mei eare en gesach,
mar koe de striid net mije:
de stoarm striek oer Europa hinne.

Image

* Martin Meytens (1695-1770)
Skilderij ‘Marije Teresia fan Eastenryk’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum