Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Unwennich

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Se ha de klap noch net ferwurke,
’t skieden trof har noch it meast
troch keapmanshân dy’t har ferdreau
mei hjir in slach en dêr in skreau,
mar no? De iene siket by de oare treast.

Image

Dêr lizze útteld no de memmen,
’t skieden die wol efkes sear,
mar einlings fine sy de rêst
nei moannen fan ‘ik doch myn bêst,
de bek dus ticht, it is de lêste kear’.

Image

Se binne der noch net oerhinne,
rinne my rap achternei
as koe ‘k wat oan har tastân dwaan,
slachtofferhelp op mjitte jaan:
‘De bek mar iepen, fret jim weemoed wei.’

Image

admin

Hobbels

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Lit hobbels wêze wat se wolle,
om’t der fariaasje is,
beslacht de ien it mei de gek,
de oare fynt gjin oere wis,
in tredde hat in lichte holle.

Image

Mei leeljes bloeiend yn it wetter
wurdt de fariaasje wis
wat grutter troch ’t konsumpsjeblik,
in hobbel fan wat is der mis
mei, want recycling folget letter.

Image

Lit hobbels mar natuerlik lizze
as twa bulten fan sêft sân,
besjoch dy mei wat symbolyk,
as bergen yn it Fryske lân
of boarsten om it frousk te sizzen.

Image

Wol men de ierdske hobbels mije,
meitsje dan de holle licht
en hobbelje oer elke wolk
mei rûnom oant de kym it sicht
op fariaasje en it frije.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum