Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Driuwnocht

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

It wie wer waarm, net lykas sneon
doe’t Douwe* hjit wie oer ’t protest
dat him de sege koste;
hy waard nei hegerop ta dreaun,
omdat ferlies him mar min paste.

Image

Mar op Wâldsein is ’t koeltsje draaid,
de hannen kinne yninoar
fanwege Douwes sege;
gjin heech berop, wa’t no noch kleit,
bedarret grif op gleone wegen.

Sa net de fammen op ‘e bûk,
dy hâlde har oan driuwnocht fêst,
gjin sin oan gleone dekken;
se farre sûnder ’t brune doek
en winne dochs in reade nekke.

Image

* Douwe Visser

admin

Oan de flesse

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1996

It wie smoarhjit, de rop om rein
klonk hjir en dêr yn ’t stedsje Starum,
mar guon skippers hiene amper lêst
op harren wetterwein.

Image

Mar fjirtjin skippers seagen ’t swurk
fol Arabieren mei in harem,
mei dy froulju dûkten se it leafst
allinnich yn de durk.

’t Gie los, wol op it gleone dek,
mei yn de fok de lange loete,
fjouwer bomen holden ’t lyk ek fêst,
ien stie foar ’t sicht foar gek.

Image

Mar wat is gek mei drippend swit
dat fierder streamt troch beide warings,
dan foldocht de maat syn flesse bêst
dy’t oer de tonge jit.

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum