Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Unsin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Hy foel my daliks op,
dat lei him oan de kleur
dy’t striele út ‘e fierte
oars net as de rûne fleur,
mar dochs de stêd stie op ‘e kop.

Ik foel doe oer de sin
fan wurden út ‘e loft
en soe it wier net witte
hoe of wat, al stie ‘k in skoft
te tinken, ’t hie folslein gjin sin.

Image

Ik stelde my doe foar
in stêd dy’t op ‘e kop
stie om ’t gefoel te mjitten,
mar ik hold op slach wer op,
want fan de stêd seach ik gjin spoar.

’t Gefoel kaam sterk werom
mei UNIS loftballon,
in sin om op te sjitten,
omkeard wer, mar oars fan toan,
de loft wie boppe, ’t lânskip rom.

Image

admin

Skepping

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
De moarntiid riisde út ‘e ôfgrûn wei
en skeat it ljocht de hichte yn,
dat om de foarmen ware noch it tsjuster
as bleau de ierde yn de ierens blyn,
mar sjoch it wie in skeppingdei.

Image

De Skepper eage út ‘e hichte wei
en glied mei ’t ljocht de lichte yn
sadat de foarmen kamen út it tsjuster,
in griene skiente yn de sinneskyn,
want sjoch it wie in skeppingsdei.

Image

De dei ferrûn en naam it griene mei
de hichte yn nei golle groei
lykas de Skepper ier al stie foar eagen:
‘Wês op jim ierde fruchtber, kom ta bloei,
dan is ’t in goede skeppingsdei.’

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum