Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Troanen

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

De kening fan doarp Goaiïngea
sit op syn wetterliedingtroan
mei njonken him syn âldste soan,
de jonge kening nei syn dea.

De kening brûkt it wetter as
muzyk, it rûzjen fan de see
en tagelyk foar de wc,
it musisearret derop los.

De soan lykwols heart dat ris oan
en rûkt de rook fan ’t keningskip,
hy tinkt: as dit it is, ferhip,
dan doch ik ôfstân fan de troan.

Hy stekt de dyk oer nei it nêst,
natuerlik ûnder sinne, wolk,
yn wyn en rein mei sicht op ’t folk,
dy fûgeltroan foldocht him bêst.

Image

admin

Ruterfisioen

Bibelbylden
PDF Print E-mail
fan James Tissot*

Image

De Iene liet Sacharja sjen
wat Hy fan doel wie yn it tiidsferrin,
in ingel spriek dêrby it wurd,
sa kriich it byld in djippe sin.

As earste kaam it fisioen
fan mannich hynder, read en brún en wyt,
de ruters krigen doe it wurd,
de wrâld koe tsjûgje fan har flyt.

Se rieden hiel de ierde oer
mei iepen each en ear, der hearske rêst,
faaks wie it no de tiid fan ’t Wurd
dat klinke soe: de ein fan ’t lêst.

De Iene spriek de ingel oan,
’t wurd dêr’t Sacharja noch gjin ear foar hie,
de toan wie myld, in freonlik wurd,
de ingel joech de godsman rie:

Lit hearre oan Jeruzalem:
de Iene brânt fan leafde foar de stêd,
syn hûs wurdt boud, byld fan it Wurd,
de oerfloed makket Sion sêd.

* James Tissot (1836-1902)
Yllustraasje ‘Sacharja en de ingel’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum