Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Mei it each op…

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 2003

Image

Twa eagen stoarje achterút
as sieten alve skûtsjes op ‘e spegel
fan de Swan yn skeane need,
mar ’t skip foaryn is wis fan bút,
dat is op Grou no ienkear regel.

De skûtsjes brûzje nei ’t publyk,
dat spannend sjocht mei withoefolle eagen,
mar it hert hâldt nimmen beet,
gjin minske rekket yn panyk,
want Grou ken amper hege weagen.

Image

It Grouster skûtsje sylt net bêst
foar ’t eigen folk mei ’t each op hjoed wer winne,
’t is foar leken faak in weet:
it skip sit oan de lêsten fêst
en lit de bút foar ’t swaantsje rinne.

Sjoch heit en soan mei wite pet
en bûtenlânske eagen op it wetter…
wurdt soan Ersin kampioen
fan hiel de wrâld… hy wit it net,
mar sjoch no Grou, hy docht it better.

Image

Ersin Burkley út Nij-Seelân die yn 2003
yn de Optimist mei oan it wrâldkampioenskip
by de Kanaryske eilannen

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum