Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Spoaren nei sin

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Der is gjin sprake fan in wrâld
dy’t lyts is, mar fan griis tichtby
dêr’t lûden yn fersûpe,
inkeld swart beweecht, is frij
om spoaren nei it read te lûken.

De kosmos draait fier boppe ’t wâld,
mar dize hâldt de hichte tsjin,
gjin blau skynt der trochhinne,
alles liket sûnder sin
wie ’t spoar net sichtber troch de sinne.

De wrâld is lyts, de kosmos âld,
mar as it ljocht de dize tilt
nei hichten dy’t it winne,
dan wurdt grut, swart-wyt it fjild
en is gjin markol mear allinne.

Image

admin

Ballade fan Marten Groenhof

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Al jierren buorket sy allinne,
sûnt in jier of tsien mei hobbykij,
te âld foar kealjen mar wol mâl mei har,
hy wie dat ek en heart der no noch by
mei wurken dy’t gjin prizen winne.

Image

Syn heit wie boer, sa waard er berne
foar it fee dat net syn hobby wie,
want leaver seach er ’t weagjen fan de mar,
dy’t rôp wylst hy it byld foar eagen hie
fan wetter ek op ’t doek te kennen.

Image

Mei ien each peilde hy de djipte
fan de mar en skûtsjes mei de fracht
dy’t op de Fluezen sylden troch it far,
wylst boppe ’t beaken kniep it Steatejacht
en heit syn sloep oer ’t wetter wipte.

Image

En fierder rikten noch syn sinnen
ûnder ’t melken fan de trettjin kij,
hy seach him silen op ‘e Iselmar
– de laden tsjalk, de skipper dat wie hy –
en liet de molke brûzend rinne.

Image

Noch heger rôlen letter weagen
yn in swiere stoarm dy’t trof ek him;
as kapitein op eigen skip oan bar
hie hy gjin kar, mislearre ek de trim,
mar dochs hold hy ’t palet foar eagen.

Image

De hjerst ferrûn en yn de dize
rekken ek syn kleare kleuren wei,
de kij dy’t keallen liet er oer oan har,
hy lei ’t pinseel nêst it palet, syn dei
wie om, syn wurk soe oars útwize.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum