Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Godlike stuolledûns

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Image

Syn skaad foel oer de ierde
as in teken dat er dwaande wie
en ’t ljocht fan ’t tsjuster skiede.

Hy lei it gers as matte,
dat it minskdom ’t grien foar eagen hie,
de hoop yn plak fan ’t swarte.

Mar soene net de minsken
boppe hoop út komme ta de rie
fan har ultime winsken?

Image

Dat wie dan ek de reden
dat yn ien nacht dêr dat groepke stie
yn doe noch wite kleden.

It soe in teken wêze
dat it libben net foar ivich gie,
wat stie op ’t grien te lêzen.

Sa hat Hy efkes boarte,
stuolledûnsjend as ultime die
fan ’t wite nei it swarte.

Image

admin

In memoriam Willem Lok

Lyrysk Deiboek
PDF Print E-mail
Hy wie in freon, net ien fan wize
nei himsels, mar earder nei de oar
syn ljocht, dêr’t hy mei nocht nei seach,
en waard it griis, hy hie de kleur derfoar,
dat wie syn libbenswize.

Image

Gjin swever wied er, wol besibbe
oan de hichte, farder yn de loft
op wyn dêr’t hy mei nocht op dreau,
sa seach er ’t hear oer, inkeling of kloft,
dy wiisheid wie syn libben.

Image

By ’t ôfskie fan syn byld die bliken
dat hysels de sinne wie dy’t ier
de kym ferljochte en syn waarmte joech,
mar sûnder kompromis of sier,
in stjer sil nea net wike.

Image

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum