Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Túnfeest

Keunst
PDF Print E-mail
fan Dirck Hals*

Image

Hat it selskip grutsk posearre
foar de skilder mei ’t paniel,
op ’t hôffeest noege troch de gasthear
foar de kleuren ta syn eare
of wie ’t Hals syn eigen miel?

Hingearhûn, dy hat er stellen,
ek de rjochter frou yn ’t read
wie ree om as kopy te tsjinjen;
sels hat Hals de foargrûn helle
mei syn stal yn hege steat.

Sa in túnfeest op te setten
mei wat prate en muzyk
en tuskentroch in hap en drankje,
flirte, tsjin de houlikswetten
yn, dan fielst dy kleureryk.

Humor kipet om de hoeke,
want Hals set de groep foar aap
dy’t sûndich fêstsit oan in keatting
om it selskip by te lûken,
byldtaal, rjocht foar ’t folk syn raap.

* Dirck Hals (1591-1656)
wie in broer fan Frans Hals.
De lêste skildere mei
in lossere streek.

admin

Swier

Skûtsjesilen
PDF Print E-mail
Ut it skûtsje-argyf 1999

Image

Hy hat it roer út hannen jûn,
hiel oars as alve jier ferlyn:
fan ’t Drachtster skûtsje skipper ôf;
it rûn op ’t lêst mar min mei wyn
dy’t twirre: Hattum* wie net sûn.

Image

De swierte fan it skip wie gjin
probleem doe’t skûtsjes bleauwen âld,
dat Aldert** wie faak nûmer twa,
mar skippers ha in koart ûnthâld
as ’t moat sa’t it fan âlds net kin.

Image

Ien skipper bleau tradysjes trou,
foar Hattum woech it âlde swier,
dat nûmer twa waard tsien derby,
dochs bleau er tweintich jier yn ’t spier,
waard evenredich skipper ôf.

Image

* Hattum Hoekstra
** Aldert Hoekstra, de heit fan Hattum

Foto’s fan Johan Witteveen/Sj. Andringa

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum